Wolkom yn it planetarium!

Allinnich tagong mei in yn it foar reservearre ticket.

Access only with a pre-booked ticket.

Iepeningstiden

It hiele jier
Tiisdei o/m sneon 10 – 17 oere
Snein 11 – 17 oere

Tusken 1 april – 31 oktober
Ek op moandei 11 – 17 uur

Earste Krystdei en Nijjiersdei ticht

Adres >

Het Planetarium is verkozen tot een Kidsproof museum.

Het Planetarium is verkozen tot een Kidsproof museum. Lees meer op deze pagina.

It âldste wurkjende planetarium fan ’e wrâld

De Planetariumkeamer en it yndrukwekkende rêdwurk foarmje it âldste planetarium yn ’e wrâld dat noch wurket. Mar der is mear te sjen! De eardere wolkjimmerij fan Eisinga, astronomyske ynstruminten, in filmseal, wikseljende eksposysjes en omtinken foar moderne stjerrekunde.

De stân fan it planetarium no

Besjoch de aktuele stân fan it planetarium (en dus fan de planeten).

De fêste eksposysje

Neist de Planetariumkeamer biedt it Planetarium in fraaie kolleksje astronomyske ynstruminten en in eigentiidske eksposysje oer ús sinnestelsel en it hielal. Oare fêste ûnderdielen fan it museum binne de eardere wolkjimmerij fan Eisinga en in wiidweidige samling histoaryske astronomyske ynstruminten. Ek de moderne stjerrekunde is fertsjintwurdige. Yn de filmseal binne oanienwei dokumintêres te sjen. Belibje hoe’t Eisinga wenne yn it histoaryske wenhûs en blêdzje digitaal troch de prachtige wiskundige en astronomyske hânskriften fan Eisinga! Sûnt 2016 is de ynteraktive eksposysje ‘De Romte’ te besjen.

Besjoch no ús wiidweidige ynteraktive ekspo

Hoe wurket in teleskoop, hoe ûntstean sinne- en moannefertsjusteringen, hoefolle weagest op ’e moanne? Sokke mar ek oare fragen wurde beäntwurde yn de ynteraktive tentoanstelling ‘De Romte’.

Set sels de ierde yn beweging, lit it rêdwurk fan Eisinga draaie en gean op syk nei it goede antwurd op alderhande fragen.

Brasserie De Stadstuin

Yn de eardere kofjebrânerij fan Van Balen, hielendal yn art-nouveaustyl, is de smûke Brasserie De Stadstuin fêstige. Hjir kinne jo genietsje fan in hearlik kopke kofje mei wat lekkers, of lunsj. Ek foar gearkomsten is dit in prachtige lokaasje.

Foar mear ynformaasje: Brasserie De Stadstuin, 0517-382106, www.brasseriedestadstuin.nl

Planeten pils

In hearlik ‘Stjerrende kâld’ bierke, ferneamd nei it wrâldferneamde Planetarium. Mei it portret fan Eise Eisinga, is it in ‘himelsk’ bierke.

Planetarium in beweging