Untdek mei de klasse it sinnestelsel

Hokker stjer stiet it tichtst by de ierde? Yn hoefolle dagen draait de ierde om de sinne? En wat is de grutste planeet?

Untdek it yn it Planetarium!

In besite mei de klasse

Kom lâns en ûntdek mei de learlingen alles oer stjerren, planeten en Eise Eisinga! Dat kin oan de hân fan in speurtocht troch it Planetarium of mei ien fan de leskisten grôtfol kant-en-kleare aktiviteiten foar op skoalle. Komst mei in groep jonge bern? Brûk dan foar of nei de besite ien fan de kleurplaten hjirûnder.

Hjirûnder fynst per doelgroep ús edukative oanbod:

Fuortset ûnderwiis

Sprekbeurten en wurkstikken

Wy hawwe gjin kant-en-klear gearstald pakket foar sprekbeurten en wurkstikken. Om dy dochs in bytsje op wei te helpen hawwe wy hjirûnder in pear handige sites foar dy byinoar set:

Kinst ek ris sjen by in planetarium of stjerrewacht by dy yn’e buert.
Hjir fynst alle adressen:

Sterrenwachten
Planetaria

Mei de skoalle in besite bringe oan it Planetarium?

Wolst lânskomme mei dyn klasse? Folje dan it oanfraachformulier yn.

Hast ynhâldlike fragen? Nim kontakt op fia educatie@eisinga-planetarium.nl.