Tydlike eksposysjes
Der wurde geregeld wikseljende eksposysjes organisearre oangeande aktuele ûnderwerpen oangeande it Planetarium of stjerrekunde yn it algemien.
It astronomysk kabinet fan Paulus en Ghiesbregt

Yn de romte foar tydlike eksposysjes stiet in spektakulêr astronomysk kabinet út 1771 fan Jean Paulus en prof. Ghiesbregt opsteld. Dit Belgyske ynstrumint is nei lange omswalkingen yn besit kommen fan Bert Degenaar, ûnder mear bekend fan it populêre telefyzjeprogramma ‘Van Onschatbare Waarde’. Yn syn opdracht is it ynstrumintarium folslein restaurearre en wer wurkjend makke troch oerwurkmakker Pieter de Ruiter.
It trije meter brede en rom 2,5 meter hege kabinet is foarsjoen fan ferskate globes, planetaria (mei in net earder fertoand 5e-iuwsk wrâldbyld fan Martianus Capella) en it 16e-iuwske heliosintryske wrâldbyld fan Copernicus. In tal wizerplaten jout ynformaasje oer ferskate tiidsoantsjuttingen, kalinders, de stân fan de planeten, de skynstallen fan de moanne, de omrin fan de fjouwer grutte moannen fan Jupiter en noch folle mear.
By it kabinet heart ek in grutte samling fan orizjinele tekeningen fan de ferskate ynstruminten.
