oanfraach
skoalbesite

Kom mei dyn klasse nei it Planetarium!

Hartstikke moai dat jim nei it Planetarium komme wolle! Hjirneist fynst it oanfraachformulier foar in skoalbesite. Folje alle fjilden yn en wy sjogge wannear’t in skoalbesite mooglik is. Sadree’t de datum fêststiet, nimt ús team Edukaasje kontakt mei jim op. Sy sille it ynhâldlike programma fan de dei mei jim ôfstimme. Binne dêr earder al fragen oer? Mail dan gerêst nei educatie@eisinga-planetarium.nl

Praktyske ynformaasje

  • Foar skoallen jildt in spesjaal edukatyf taryf fan € 3,75 de learling.
  • Per fjouwer learlingen mei ien begelieder fergees mei deryn.
  • Nei de besite krijt de skoalle in faktuer tastjoerd. As jim dat wolle, kin ek oan de baly ôfrekkene wurde.

Oanfraach skoalbesite

Tips:
- Neam meardere mooglikheden (bgl. 3) dêr’t jim op delkomme kinne soene.
- Skoalbesites begjinne om 9.30 of 11.00.