Groep 3 & 4

Kom lâns yn it Planetarium of lien ien fan ús leskisten foar op skoalle!

Bring in besite oan it Planetarium

Speurtocht yn it planetarium

Kom lâns en ûntdek mei de learlingen alles oer stjerren, planeten en Eise Eisinga. Foar de besite kinst ûndersteande digitale praatplaat brûke om de foarkennis te aktivearjen.

Let op: Om gebrûk meitsje te kinnen fan de digitale praatplaat moatst in fergees akkount oanmeitsje by LessonUp.

De besite sels

De besite oan it Planetarium duorret meastal 1,5 oere. De learlingen krije earst útlis yn de Planetariumkeamer fan in meiwurker. Dêrnei ûntdekke se oan de hân fan in speurtocht de rest fan it museum.

Nei de besite

Nei de besite kinst op skoalle rêstich de antwurden fan de speurtocht besprekke mei de learlingen. Ek soest ien fan de ferwurkingssuggestjes út it dokumint hjirûnder brûke kinne.

praktyske ynformaasje

  • Foar skoallen jildt in spesjaal edukatyf taryf fan € 3,75 per learling.
  • Per fjouwer learlingen is ien begelieder nedich, dy kin der fergees yn.
  • Skoalbesiten binne mooglik tusken 9 en 11 oere.
  • Der kinne maksimaal 60 learlingen tagelyk komme.

Wolst lânskomme mei dyn klasse? Folje dan it oanfraachformulier yn.

Hast ynhâldlike fragen? Nim kontakt op fia educatie@eisinga-planetarium.nl.

Beskikbere leskisten

Universe in a box

Universe in a box befettet lessen oer stjerrekunde foar groep 1 o/m 8. De box bestiet út fiif modules:

  • Moanne
  • Ierde
  • Sinne
  • Planeten
  • Stjerrebylden

Elke module befettet in yntroduksje op it ûnderwerp, folge troch aktiviteiten mei de nedige wittenskiplike achtergrûn. De aktiviteiten stean allegear op harsels en kinne los faninoar útfierd wurde.

De kiste kin trije wiken liend wurde foar 30 euro en kin ophelle wurde yn it Planetarium. De leskiste kin spitigernôch net ferstjoerd wurde. Ynteresse of fragen oer dizze leskiste? Stjoer in mail nei educatie@eisinga-planetarium.nl.