Spesjaal basisûnderwiis
Spesjaal foar de boppebou fan it Spesjaal Basisûnderwiis is der de app Jelte.
Speurtocht yn it Planetarium
Krijst foar de besite oan it Planetarium tagong ta it bestjoeringssysteem fan de app en kinst dêr groepen yndiele. Ienris yn it museum krije de learlingen in koarte útlis yn de Planetariumkeamer en gean dêrnei yn groepkes mei harren eigen telefoan oan de slach. Op ferskillende plakken yn it Planetarium kinne se punten fertsjinje dêr’t se ûnderdielen fan in raket mei sammelje. Oan ’e ein fan harren reis sette se harsels as astronaut op ’e foto. Dy foto’s kinst downloade as oantinken oan de (hooplik ûnferjitlike) besite.
De app is ûntwikkele yn gearwurking mei learkrêften en learlingen fan sbû De Bolder yn Frjentsjer en slút dêrom goed oan by de doelgroep.
praktyske ynformaasje
- Foar skoallen jildt in spesjaal edukatyf taryf fan € 3,75 per learling.
- Per fjouwer learlingen is ien begelieder nedich, dy kin der fergees yn.
- Skoalbesiten binne mooglik tusken 9 en 11 oere.
Wolst lânskomme mei dyn klasse? Folje dan it oanfraachformulier yn.
Hast ynhâldlike fragen? Nim kontakt op fia educatie@eisinga-planetarium.nl.