Boppebou FU

Spesjaal foar learlingen yn de boppebou fan it fuortset ûnderwiis is der in reis mei trije ferdjipjende karmooglikheden: in reis troch de tiid, romte of rêden.

Beskikbere lesprogramma’s

Reis troch it planetarium

Net alle learlingen hawwe deselde ynteresses, dêrom kieze se harren eigen reis troch it Planetarium. Foar de besite krijst in koarte digiboerdles tastjoerd mei dêryn ynformaasje oer de ferskillende ‘reizen’. Op skoalle kinne learlingen har ynskriuwe foar ien fan de trije reizen. Ienris yn it Planetarium krije de learlingen earst in koarte útlis yn de Planetariumkeamer en gean dêrnei yn groepkes ‘op reis’. Op skoalle kin neibesprutsen wurde wat der leard is. Hjirûnder fynst in koarte beskriuwing fan de ferskillende reizen:

Reis troch de tiid
Dizze reis giet oer de tiid dêr’t Eise yn libbe. De tiid fan autodidakten en patriotten. Learlingen krije ûnder oaren in boarne-opdracht dêr’t se njoggen ferskillende boarnen by klassifisearje moatte. Ek leare se Eise as persoan better kennen. Wat die de Planetariumbouwer noch mear? En hoe witte wy dat? Dizze reis is tige geskikt foar skiednisleafhawwers.

Reis troch de romte
Dizze reis giet oer natuer- en stjerrekunde. Hokker problemen hat Eise oplosse moatten om de planeten yn it Planetarium yn sirkels rinne te litten yn stee fan yn ellipsen? Hoe heech kinst springe op in oare planeet? En hoe ferklearren âlde wrâldbylden waarnimmingen lykas sinne- en moannefertsjusteringen? De learlingen ûntdekke it op dizze reis. Dizze reis is dan ek foaral geskikt foar learlingen dy’t hâlde fan natuerkunde.

Reis troch de rêden
Dizze reis fokust op de technyk achter it Planetarium. Learlingen gean ûnder mear digitaal it rêdwurk yn en ûntdekke hoe’t it Planetarium krekt oanstjoerd wurdt, hokker rol in klok dêryn spilet en wêrom’t der njoggen gewichten nedich binne. Dizze reis is it meast geskikt foar learlingen dy’t witte wolle hoe’t it Planetarium krekt yninoar sit.

Praktyske ynformaasje

  • Dit programma is geskikt foar learlingen yn 4/5 havû-fwû.

  • Foar skoallen jildt in spesjaal edukatyf taryf fan €3,75 per learling. De besite kin ek betelle wurde út it CJP-budzjet mei in weboarder, € 5,00 per learling.

  • Per klasse ferwachtsje wy minimaal twa dosinten of begelieders. Dy kinne der fergees yn.
  • Skoalbesiten begjinne om 9.30 of 11.00.
  • Der kinne maksimaal 60 learlingen per kear komme.

Wolst lânskomme mei dyn klasse? Folje dan it oanfraachformulier yn.

Hast ynhâldlike fragen? Nim kontakt op fia educatie@eisinga-planetarium.nl.

Speure yn it ferline

Museum Martena en it Planetarium hawwe de lapen gearsmiten foar in mienskiplik ûnderwiisprogramma. Hjirby gean learlingen op ien dei nei beide musea. In diel fan de learlingen bringt earst in besite oan it Planetarium. Yn groepkes meitsje se dêr oan ’e hân fan in format in speurtocht ynklusyf antwurdmodel. It oare part fan de learlingen docht itselde yn Museum Martena. Dan wikselje de learlingen en meitsje se yn it oare museum de speurtocht dy’t harren meilearlingen foar harren makke hawwe. Op skoalle kinne de speurtochten oan ’e hân fan de makke antwurdmodellen neisjoen en neibesprutsen wurde.

In goede fraach stelle is in keunst, dêrom oefenje de learlingen dat op skoalle alfêst oan ’e hân fan in koarte, kant-en-kleare tariedende les.

Praktyske ynformaasje

  • Dit programma is geskikt foar learlingen yn alle ûnderbouklassen fan it middelber ûnderwiis.
  • De kosten foar in komby-besite ynklusyf edukatyf programma binne € 5,50 per learling; dit is allinnich te boeken by it Planetarium. De besite kin ek betelle wurde út it CJP-budzjet mei in weboarder foar € 6,50 per learling.
  • Skoalbesiten begjinne om 9.30 of 11.00.
  • Der kinne maksimaal 60 learlingen per kear komme.

Wolst lânskomme mei dyn klasse? Folje dan it oanfraachformulier yn.

Hast ynhâldlike fragen? Nim kontakt op fia educatie@eisinga-planetarium.nl.