Groep 5 o/m 8
Kom lâns yn it Planetarium of lien ien fan ús leskisten foar op skoalle!
Bring in besite oan it Planetarium
Speurtocht yn it planetarium
Kom lâns en ûntdek mei de learlingen alles oer Eise Eisinga. As tarieding kinst ien fan de ûndersteande digiboerdlessen brûke. Sa binne de learlingen goed taret op harren besite en kinne se mei doel fragen stelle.
Komst los fan in tema of ûnderwerp nei it Planetarium? Brûk dan de les Untdek it Planetarium. Dit is in algemiene ynliedende les. Komst om’tst yn de klasse dwaande bist mei it tema Ferljochting en de patriotten? Brûk dan de les Eise Eisinga en de Ferljochting. Bist yn de klasse dwaande mei stjerrekunde, brûk dan de les Stjerren en planeten.
Let op: Om gebrûk meitsje te kinnen fan de digiboerdlessen moatst in fergees akkount oanmeitsje by LessonUp.

De besite sels
De besite oan it Planetarium duorret meastal 1,5 oere. De learlingen krije earst útlis yn de Planetariumkeamer fan in meiwurker. Dêrnei ûntdekke se oan de hân fan in speurtocht de rest fan it museum.
Nei de besite
Nei de besite kinst op skoalle rêstich de antwurden fan de speurtocht besprekke mei de learlingen. Ek soest ien fan de ferwurkingssuggestjes út it dokumint hjirûnder brûke kinne.

praktyske ynformaasje
- Foar skoallen jildt in spesjaal edukatyf taryf fan € 3,75 per learling.
- Per fjouwer learlingen is ien begelieder nedich, dy kin der fergees yn.
- Skoalbesiten binne mooglik tusken 9 en 11 oere.
- Der kinne maksimaal 60 learlingen tagelyk komme.
Wolst lânskomme mei dyn klasse? Folje dan it oanfraachformulier yn.
Hast ynhâldlike fragen? Nim kontakt op fia educatie@eisinga-planetarium.nl.
Ekstra speurtocht groep 5 & 6
Neist in algemiene speurtocht oer Eise is der foar groep 5 & 6 ek in aparte speurtocht oer ljocht en tsjuster. Learlingen leare oer it ûntstean fan dei en nacht, de moannefazen, it ferskil tusken in stjer en in planeet en oer ynstruminten dy’t eartiids brûkt waarden dêr’t ljocht en tsjuster in rol by spylje. Ek ûntdekke se hoe’t Eise yn syn eigen Planetarium gebrûk makket fan ljocht en tsjuster.
Wolst lânskomme mei dyn klasse? Folje dan it oanfraachformulier yn.
Hast ynhâldlike fragen? Nim kontakt op fia educatie@eisinga-planetarium.nl.
Beskikbere leskisten
Universe in a box

Universe in a box befettet lessen oer stjerrekunde foar groep 1 o/m 8. De box bestiet út fiif modules:
- Moanne
- Ierde
- Sinne
- Planeten
- Stjerrebylden
Elke module befettet in yntroduksje op it ûnderwerp, folge troch aktiviteiten mei de nedige wittenskiplike achtergrûn. De aktiviteiten stean allegear op harsels en kinne los faninoar útfierd wurde.
De kiste kin trije wiken liend wurde foar 30 euro en kin ophelle wurde yn it Planetarium. De leskiste kin spitigernôch net ferstjoerd wurde. Ynteresse of fragen oer dizze leskiste? Stjoer in mail nei educatie@eisinga-planetarium.nl.
Oan it wurk mei Eise
Mei dizze leskiste gean de learlingen oan it wurk mei Eise. Eise boude fansels it fantastyske Planetarium, mar dêrneist hie er ek in ‘gewoane’ baan as wolkjimmer. Dizze leskiste bestiet út twa dielen dy’t los faninoar of tegearre yn te setten binne. It iene diel giet yn op Eise syn baan as wolkjimmer. Learlingen ûntdekke wat in wolkjimmer is en docht en filtsje dêrnei harren eigen planeet. It oare diel giet yn op de wûndere wrâld fan de rêdwurken. Learlingen ûntdekke wat rêdwurken binne, watst dermei kinst, wêr’tst se weromsjochst en meitsje dêrnei harren eigen rêdwurk. Beide aktiviteiten binne foarsjoen fan in wiidweidige lesynstruksje en in digiboerdles.
De kiste kin trije wiken liend wurde foar 45 euro en kin ophelle wurde yn it Planetarium. De leskiste kin spitigernôch net ferstjoerd wurde.
Ynteresse of fragen oer dizze leskiste? Stjoer in mail nei educatie@eisinga-planetarium.nl.

Tip
Gebruik voor of na het bezoek
Brûk foar of nei de besite de fergese lessen begripend lêzen fan Nieuwsbegrip oer Wrâlderfgoed.
Sa krije de learlingen noch better yn byld hoe bysûnder oft it Planetarium eins is. Der binne lessen foar groep 5 & 6 en lessen foar groep 7 & 8.