Groep 1 & 2

Beukers binne graach aktyf dwaande. Dêrom hawwe wy twa prachtige leskisten om mei-inoar op skoalle oan ’e slach te gean mei stjerrekunde!

Bring in besite oan it Planetarium

Wy hawwe (noch) gjin spesjaal programma foar beukers, mar yn oerlis is der fan alles mooglik. Nim kontakt op mei ús edukative meiwurkers en dan meitsje wy mei-inoar in plan. Mail educatie@eisinga-planetarium.nl foar mear ynformaasje.

Tip: Brûk it fergees lesmateriaal foar beukers oer wrâlderfgoed.

Leskisten

Spesjaal foar de jongste learlingen hawwe wy leskisten dy’t liend wurde kinne. Dy sitte grôtfol prachtige materialen en opdrachten dy’t jo yn de klasse útfiere kinne. De kiste kin foar trije wiken liend wurde foar 30 euro. Hjirûnder fynst in oersjoch fan de beskikbere leskisten.

Beskikbere leskisten

Ik sjoch, ik sjoch... stjerren!

Mei de aktiviteiten út dizze leskiste krije de learlingen in goede oriïntaasje op stjerrekundige ûnderwerpen lykas ljocht, tiid, sinne, moanne en stjerren. De leskiste befettet in learkrêftehantlieding mei in beskriuwing fan de folgjende aktiviteiten: rûntepetear, aktiviteiten foar in sirkwy, of hoeken en in spul-les. De measte dingen dy’t nedich binne, sitte al yn de kiste. Hoechst allinnich sels te soargjen foar wat ferbrûksmaterialen. De aktiviteiten binne sa beskreaun dat se yn te passen binne yn dyn eigen manier fan wurkjen. Se kinne dus op ien dei dien wurde, ferspraat oer in wike, yn sirkwyfoarm, hoeken, of wat ek mar by de groep past.

De kiste kin trije wiken liend wurde foar 30 euro en kin ophelle wurde yn it Planetarium. De leskiste kin spitigernôch net ferstjoerd wurde.

Ynteresse of fragen oer dizze leskiste? Stjoer in mail nei educatie@eisinga-planetarium.nl.

Universe in a box

Universe in a box befettet lessen oer stjerrekunde foar groep 1 o/m 8. De box bestiet út fiif modules:

  • Moanne
  • Ierde
  • Sinne
  • Planeten
  • Stjerrebylden

Elke module befettet in yntroduksje op it ûnderwerp, folge troch aktiviteiten mei de nedige wittenskiplike achtergrûn. De aktiviteiten stean allegear op harsels en kinne los faninoar útfierd wurde.

De kiste kin trije wiken liend wurde foar 30 euro en kin ophelle wurde yn it Planetarium. De leskiste kin spitigernôch net ferstjoerd wurde. Ynteresse of fragen oer dizze leskiste? Stjoer in mail nei educatie@eisinga-planetarium.nl.